Rynoerstek

De Ryn by de Loreley

De Rynoerstek of Rynynvaazje wie in wichtich histoarysk barren dêr’t barbaarske legers de rivier de Ryn by oerstutsen. De ynvaazje waard dien troch in mingde kloft, der’t û.o. Fandalen, Alanen en Sueben (of Sueven) by belutsen wienen. Tradisjoneel wurdt dat foarfal datearre op 'e lêste dei fan it jier 406 (31 desimber 406). Mei it oerstekken fan 'e Ryn waard ien fan' e feilichste limes, d.w.s. de grinzen fan it Romeinske Ryk trochbrutsen. Neffens histoarisy wie dat barren fan krúsjaal belang yn de fal fan it Romeinske Ryk. As gefolch fan it oerstekken waard mei in weach fan ferneatiging úteinset, Romeinske stêden waarden ferwoastge en it kommen fan kloften barbaarske ynfallers soe late ta de úteinlike ynstoarting fan it Romeinske bestjoer yn noardlik Galje en ta it oernimmen fan de macht troch trije opienfolgjende usurpators yn 'e provinsje Britannia. Dêrom wurdt de oerstek sjoen as in mylpeal yn 'e Grutte Migraasje wêryn't Germaanske en Iraanske stammen westlik en súdlik út Skandinaavje, Germania en de noardlike Donau-igge wei ferhuzen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search